Tredde Freulelist ferkeatst

11 aug 2010 - 14:49
  • (foto KNKB)

Op de tredde list binne de partoeren fan de Freule dien. Bitgum wûn fan Easterein (5-1, 6-6). Seisbierrum wie te sterk foar Reahûs (5-4 en 6-6). Sint Anne wûn fan Eanjum (5-0 en 6-2). Tsjummearum wie sterker as Harns (5-2 en 6-4). Boalsert wûn fan Wommels (5-0 en 6-0). Sint Jabik wie te sterk foar Gaast/Ferwâlde (5-0 en 6-4).

Op de fjirde list hat Bitgum fan Seisbierrum wûn (5-2 en 6-0) en Sint Anne fan Tsjummearum (5-1 en 6-2).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)