Skûtsje omslein by Sleat

It skûtsje Eelkje 2 fan skipper Jeroen de Vos út Ealahuzen is woansdeitemiddei op it wetter by Sleat omslein. De wedstriid wie noch net begûn, it skip wie oan it ynfarren.
It ûngelok kaam troch in kombinaasje fan de hurde wyn en om't ien fan de swurden fan it IFKS-skûtsje de grûn rekke. Der is nimmen ferwûne rekke, en it skûtsje hat letter al meidien oan de wedstriid.