Friezen ferniele stakaravan

De plysje yn Limburg hat fjouwer mannen út Stynsgea oanhâlden op in kemping yn Bemelen. De manlju fan 21 oant 29 jier hiene te folle drank op en fernielden de stakaravan dy't se hierd hiene. It plafond waard der út sloopt en in rút fernield. Ek it ynterieur waard kompleet fernield.
De mannen hâlden mei it lawaai oare kempinggasten út de sliep. De mannen binne troch de plysje opsluten.