Skrik nei sjitpartij

11 aug 2010 - 11:55

Bewenners fan de Frijheidswyk yn Ljouwert binne noch hieltyd fan slach troch de sjitpartij. Twa mannen fan 21 en 25 jier skeaten tiisdeitejûn mei in pistoal op in man (33) by de Jumbo-supermerk. Net ien rekke ferwûne.

De bewenners binne bot skrokken. De plysje hat twa mannen oanholden, de tredde fan 25 jier is noch hieltyd spoarleas. De plysje warskôget foar dizze man dy't fjoerwapengefaarlik is en in koart lontsje hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)