Fertraging treinferkear oer
It treinferkear tusken Ljouwert en Meppel lei woansdei ein fan de moarn in skoft stil troch in ferwarde man. Dy rûn by de Rotstergaastwei by It Hearrenfean oer it spoar. Doe't der in trein oan kaam, sprong de man oan de kant. Hy is net ferwûne rekke.
De man is opfongen troch de helptsjinsten.