Drafbaan tenei Victoria Park

De drafbaan yn Wolvegea giet fierder ûnder de namme Victoria Park Wolvega. De nije eigners wolle hjirmei in frisse start meitsje mei it opknapte drafsintrum. Doel is om mei de baan wer de ynternasjonale útstrieling fan eartiids werom te krijen.
Eigner Veldink fynt dat de nije namme it winnen útstrielt en tinkt dat it publyk manmachtich weromkomt by de hynstesport. De earste koersen wurde hâlden op 28 augustus. De offisjele iepening is op 25 septimber.