Plysje pakt ferbeane wapens

De plysje hat ferbeane wapens yn beslach naam. By in ynwenner (19) fan It Hearrenfean waarden tiisdei nei in tip wapens fûn. Yn de garaazje lei in gasalarmpistoal en yn de wenning in imitaasjepistoal. De man sit fêst, de wapens binne yn beslach naam.
In man (49) út Frjentsjer waard tiisdeitenacht oanhâlden op de Oosterbaanstraat. Hy die ferfelend. Doe't de plysje kaam, siet er op in bankje mei in wapenstok. De stok is yn beslach naam. De man sit fêst.