Beatrix by Hurdsyldei

It is woansdei hurdsyldei by de Snitswike. Fanwege it 75-jierrich jubileum binne der allegear ekstra aktiviteiten. Hichtepunt is de besite fan keninginne Beatrix. Dy kaam woansdeitemiddei lâns mei it keninklik jacht De Groene Draeck. De keninginne stie sels oan it roer en lei oan by de starttoer.
Snits wie der klear foar. De rotsoai fan de feestende minsken fan ôfrûne nacht wie al opromme.