Sjitpartij yn Ljouwert

10 aug 2010 - 20:50

By de Jumbo-supermerk oan de Canadezenlaan yn Ljouwert hat tiisdeitejûn in sjitpartij west. Om healwei sânen waard by it nije winkelsintrum yn de Vrijheidswijk meardere kearen sketten op in 33-jierrige man. Dy waard net rekke.

De twa fertochten, 21 en 25 jier, naaiden út yn in auto. Mei help fan tsjûgen is de 21-jierrige man yn Harns oanhâlden. Hy wie stutsen yn de earm, mooglik troch de 33-jierrige. De 25-jierrige man is noch net oppakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)