Doweferiening werom yn de tiid

Doweferiening PV de Zwaluw út De Westereen sil 50 jier werom yn de tiid. De feriening hâldt in dowewedstriid op de âlde wize. Dat betsjut dat der fanút België woansdei 80 dowen nei Fryslân fleane, mar dan sûnder de technyske helpmiddels, lykas de digitale chip.
Yn it doarp is in sintrale klok dêr't de dowe-eigners, krekt as eartiids, hinne fytse moatte. Tiisdeitejûn binne de dowen lyk as eartiids yn in kuorke dien en nei België brocht.