Pokerje taboe yn hoareka

© Omrop Fryslân
Ta grutte teloarstelling fan Fryske hoarekabedriuwen bliuwt pokerje yn de hoareka dochs ferbean. Koartlyn bepaalde in rjochter dat pokerje in handichheidsspul is en net in kânsspul. Dit makke de wei frij om it pokerje út it yllegale sirkwy te heljen.
Ek minister Hirsch Ballin sei doe dat pokerje legaal wurde koe. Oant dy tiid mocht der allinnich yn it Holland Casino om jild pokere wurde. Moandei kaam Ballin wer werom op syn útspraak.