Betizing warskôging foto LC

In warskôging fan de Ljouwerter Krante oer de foto fan de frou út Nij Beets hat sûnder dat it de bedoeling wie foar in soad betizing soarge. De frou wurdt fertocht fan it deadzje fan fjouwer fan har bern
De Ljouwerter Krante pleatste sels gjin foto fan de 25-jierrige frou, mar oare kranten en ynternetsites diene dat wol. De krante warskôge de oare media dat se de ferkearde foto publisearren, wylst dat net sa wie.