Ekstra kaarten festival Flylân

10 aug 2010 - 13:33

Der komme woansdei noch in tal kaarten foar it festival Into The Great Wide Open beskikber. Dat hat de organisaasje witte litten. De kaarten binne oer, omdat se yn earste ynstânsje reserveard wiene troch eilanners, mar dy hawwe de kaarten net ophelle.

Rederij Doeksen sil fanwege de ekstra kaarten op sneintejûn in ekstra fearboat ynsette. Neffens de organisaasje is der op it eilân noch genôch sliepplak te finen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)