Aksje ûnearlike reproduksjes

© Omrop Fryslân
It moat dien wêze mei ûnearlike reproduksjes fan keunstplaten. Dat fynt byldzjend keunstner Ron Schaft út Sint Anne. Byldzjend keunstners meitsje fan platen dy't goed rinne somtiden mear ôfdrukken om sa ekstra jild te fertsjinjen. Schaft fynt lykwols dat soks net kin en set dêrom útein mei in ludike aksje.
Schaft hat 50 jier ûnderfining en dêrom makket hy fergees in plaat foar 50 minsken út gemeente It Bilt. Dêr sil dan ek gjin reproduksje fan komme.