Tûzenen fytsers yn Appelskea

Tûzenen minsken binne tiisdei yn Appelskea yn ferbân mei de 31e edysje fan de fytsfjouwerdaagse. Fanút hiel Nederlân en sels fanút België komme dielnimmers nei Fryslân ta. Fjouwer dagen lang kinne ôfstannen fan sa'n 25, 40 of 60 km fytst wurde.
Foarich jier wie troch it jubileum in hichtepunt mei sa'n 2700 dielnimmers. Foarsitter Jan Oosterloo ferwachtet dizze kear sa'n 2000 dielnimmers.