Soad ûnrest yn Langwar

Haven fan Langwar
Der hat moandeitenacht in soad ûnrêst west yn Langwar. Earst wie it feestlik, mar dêrnei ûntstiene der sa'n 15 fjochtpartijen. Om't de plysje, befeiligers en meiwurkers fan de haven der op'e tiid by wiene, rûn it net út de hân.
Der ha gjin oanhâldings west. Wol krige in 18-jierrige jonge út Broek in boete om't hy in ferkearsboerd stellen hie. Elk jier komme besikers fan de Snitswike nei Langwar om der feest te fieren