Belutsene stekpartij meldt him

10 aug 2010 - 11:44

In 21-jierrige Drachtster hat him moandei melden by de plysje, omdat hy belutsen west hat by in stekpartij freedtejûn yn syn wenplak. Op de krusing fan de Eems mei de Overstesingel waard in 16-jierrige jonge út Nieuw-Beerta delstutsen en rekke dêrby swier ferwûne oan syn boarst en syn rêch.

De plysje ûndersiket op dit stuit wat foar rol de man dy't him melden hat, hân hat by de stekpartij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)