Trije swimmers rêden by Skylge

Lifeguards op Skylge
Lifeguards fan de KNRM hawwe moandei by Skylge trije minsken út it wetter rêden. Alle trije swommen bûten de gebieten dy troch lifeguards as feilich oanjûn binne. In 45-jierrige man rekke by West oan See yn de problemen.
Troch de sterke streaming koe hy net op eigen krêft út it wetter komme. Omdat hy wat seewetter binnen krigen hie waard de man nei in húsdokter brocht. By Midslân oan See waarden twa famkes fan 12 út it wetter rêden.