18 kandidaten foar Tyt-diel

It gemeentehûs yn Burgum
Yn totaal 18 minsken hawwe sollisiteard nei de funksje fan boargemaster fan de gemeente Tytsjerksteradiel. Dit as opfolger fan Gerrit Jan Polderman. Fiif kandidaten hawwe al ûnderfining as boargemaster. De measte sollisitanten binne fan de PvdA. Sân kandidaten binne frou. Der is ek in sollisitaasje út Switserlân binnenkaam.
Kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân John Jorritsma sil de kommende twa wiken in seleksje meitsje.