Bedriging mei fjoerwapen

10 aug 2010 - 11:21

In 16-jierrige jonge út Almelo is yn de nacht fan moandei op tiisdei oerfallen yn it Burgemeester de Hooppark yn Snits. Hy moast ûnder bedriging fan in fjoerwapen jild ôfstean oan fjouwer jonges. Oan de hân fan sinjaleminten koe de plysje op it Schaapmarktplein yn Snits de fjouwer fertochten fan tusken de 17 en 20 jier út Snits en Wommels oanhâlde.

Der waard in fjoerwapen yn beslach naam. Nei ûndersyk die bliken dat it net om in echt wapen gie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)