Grut tal brannen yn Drachten

10 aug 2010 - 10:48

Yn Drachten is yn de nacht fan moandei op tiisdei op 25 ferskate plakken brân stichte. De brânstichtingen wiene yn de wiken De Trisken en de Drait. Der binne konifearehagen en kontainers yn de brân stutsen.

De brânwacht fan Drachten hie it smoardrok mei it blussen, omdat de brannen allegear flak nei mekoar wiene. Ferskate plysjeteams kamen nei Drachten om tafersjoch te hâlden en ûndersyk te dwaan nei de dieders.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)