Sân anonime tips saak Club Q

10 aug 2010 - 10:21

By de Stifting 'Meld Misdaad Anoniem' binne yn maaie 7 tips binnenkaam oer de mishanneling fan Redmar Smedema fan Burgum en Gerard Dykstra fan Damwâld by Club Q yn Noardburgum. De 16-jierrige Smedema kaam hjirby om it libben. Dykstra rekke swier ferwûne.

By de tips dy't binnenkamen binne ek de nammen fan twa fertochten neamd. De plysje hat úteinlik 4 fertochten oanhâlden. Dit docht bliken út de healjier sifers fan de Stifting Meld Misdaad Anoniem.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)