Untsnapte TBS-ers oanholden

© Omrop Fryslân
By de rotonde fan De Jouwer binne moandeitejûn twa ûntsnapte TBS-ers oanhâlden. It giet om in man fan 34 en in frou fan 27. De man siet fêst foar in geweldsdelikt en de frou waard observeard yn de klinyk. Ferline wike snein ûntsnapten beide út in klinyk yn Assen.
It stel hie earder in auto stellen yn Grins. De plysje seach de auto op de A7 riden. Nei in efterfolging koe it stel flak foar de rotonde oanholden wurde.