Trije finishers by IFKS Starum

09 aug 2010 - 17:22

Skipper Henk Regts kaam moandei as earste oer de finish by it IFKS Skûtsjesilen by Starum. Hy lei board oan board mei Siebo Zijsling, dy't twadde waard. Jelle Talsma waard tred. Nei in útstelde start fanwege te min wyn einige de wedstriid yn in grutte driuwpartij. Der wie úteinlik hielendal gjin wyn mear. De skûtsjes misten op it lêst alle gong en rjochting. Trettjin fan de sechtjin skûtsjes finishten dêrtroch te let en krije it maksimale tal punten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)