Sjûkelân ûnder hannen nommen

It like mâl nei de PC
It Sjûkelân is de ôfrûne dagen flink oanpakt troch meiwurkers fan de gemeente Frjentsjerteradiel. Nei de ekstreem wiete PC fan woansdei lei it fjild der striemin by. Fan freed ôf is it fjild alle dagen behannele. Dit is nedich omdat it fjild mei de Agraryske Dagen yn septimber wer brûkt wurde moat. It gers waard rôle, sleept, prikt en ek waard it opnij ynsiedde.
De gemeente en de PC-organisaasje sille meikoarten de PC-dei evaluearje.