80 miljoen winst by Enexis

Minder winst foar Enexis
Enexis, de behearder fan it enerzjynetwurk yn ûnder oare Fryslân, hat oer de earste helte fan dit jier in winst makke fan in lytse tachtich miljoen euro. Dat is in stik leger as de sawat 150 miljoen euro fan 2009.
Oarsaken binne de legere tariven, it fuortfallen fan ienmalige ynkomsten en in hegere rintelêst. De neamde negative effekten binne foar in part kompensearre troch te besparjen op de kosten binnen it bedriuw.