Omrop slút fuotbalakkoart

09 aug 2010 - 15:37

Omrop Fryslân hat in akkoart berikt oer de fuotbalrjochten fan SC Cambuur. De gearfettings fan de wedstriden binne wer te sjen. Omrop Fryslân hat gjin tastimming om bylden fan SC Hearrenfean út te stjoeren.

Dy klup hat twa jier lyn in kollektive ôfspraak makke mei alle klups om de fuotbalbylden net oan de regionale omropppen te jaan. SC Hearrenfean hat yntusken tasein om hjir wer mei de oare klups oer te praten. Sy sjogge it belang fan de Omrop wol deeglik yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)