Fjild De Jouwer fernield

09 aug 2010 - 14:38

It hagelnije keunstgersfjild fan Sportklup De Jouwer is noch foardat der op fuotballe is, fernield troch fandalen. Achter ien fan de goalen sit in grut brânplak en ek binne de netten fan ien goal stikken makke.

De gemeente Skarsterlân beheart de fjilden en hat de fernielings melden by de plysje. It fjild wurdt brûkt as treningsfjild dus it hat gjin gefolgen foar de kompetyzje. De oanlis fan it fjild hat fjouwer ton koste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)