Campingbaas lilk op de IFKS

Eigner Seinstra fan camping 'De Jerden' hat krityk op de organisaasje fan it IFKS-skûtsjesilen. Woansdei leit de float fan de IFKS oan yn Sleat, mar neffens him krije ûndernimmers oan de kade te min ynformaasje oer dy dei.
Earder krige hy draaiboeken en waard der in feilichheidsplan opsteld. No ha se allinnich in programmaboekje krigen. Dat is neffens him te min foar 15.000 minsken dy't aanst by him oan de kade stean te sjen.