Fytsedief oppakt yn Ljouwert

In 70-jierrige man is sneintejûn yn de Karel Doormanstrjitte yn Ljouwert oanhâlden op fertinking fan fytsestellerij. Tsjûgen melden by de plysje dat der in man dwaande wie fytsen op in auto te laden. Omdat der in goed sinjalemint trochjûn wie koe de plysje de fertochte op de Oostersingel oanhâlde.
De auto en de fytsen binne yn beslach naam en de man is meinommen nei it buro foar ferhoar.