Bekeurings by Snitswike

09 aug 2010 - 09:53
  • De binnenstêd fan Snits

De plysje hat by de earste trije dagen fan de Snitswike 81 bekeurings útskreaun. De boetes wiene foar wyldpisjen, it drinken fan alkohol op strjitte, balstjurrigens en yllegaal swimmen. De oarsaak fan fjochtpartijen en fernielings wie faak tefolle drank.

De plysje is foaral tefreden oer de ynset fan kamera's. Dat is dit jier foar it earst. By rûzjes en oerlêst kin hjirtroch op tiid yngrypt wurde en rinne rúzjes minder faak út de hân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)