PSV-ers oppakt op It Fean

09 aug 2010 - 09:50

Foar de fuotbalwedstriid Hearrenfean-PSV hat de plysje sneontejûn seis PSV supporters oanhâlden op fertinking fan iepenlike geweldpleging. De mannen fan tusken de 21 en 33 jier sochten yn it sintrum fan It Hearrenfean de konfrontaasje op mei Hearrenfean supporters. Se goaiden mei tafels en stuollen dy't op it terras stienen.

De mannen binne fêstset en mochten snein nei ferhoar wer nei hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)