Ynfo-pakket foar kankerpasjint

09 aug 2010 - 09:42
  • It MCL yn Ljouwert
  • De Sionsberg yn Dokkum

Pasjinten mei prostaatkanker krije tenei yn de sikehuzen fan Ljouwert en Dokkum in ynformaasjepakket. Dêryn wurdt de sykte, it ferrin fan de sykte en de behanneling dúdlik beskreaun. By it pakket sit ek in logboek. De pasjint kin hjir sels yn byhâlde hoe't it giet mei de behanneling.

Jierliks wurdt yn de twa sikehuzen by 250 mannen prostaatkanker fêststeld. Yn in soad gefallen giet it om âldere mannen, mar it komt ek foar by jongeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)