Flessesmiter op Skylge

By in strânpaviljoen op Skylge hat de plysje sneontenacht in 18-jierrige Grinzer oanhâlden. Hy soe in flesse tsjin de holle fan in 18-jierrige frou út Goutum smiten hawwe. De man wie earder út de strântinte set fanwege ferfelend gedrach.
De flesse wie bedoeld foar de portier fan it paviljoen, mar rekke dus de frou, dy't nei alle gedachten in harsenskodding oprûn hat. De 18-jierrige Grinzer is troch de plysje meinommen nei it buro.