Elektryske auto's op Flylân

08 aug 2010 - 11:18
  • De gemeente Flylân ûndersiket it elektrysk autoriden op it eilân

Ynwenners fan Flylân krije dizze wike in fragelist yn de bus wêryn't se frege wurdt oft se mei elektryske auto's ride wolle. De gemeente wol sa útsykje wat de mooglikheden binne fan it gebrûk fan dizze auto's op it eilân.

De ynwenners wurdt frege wat foar auto as se ha, hoe faak se ride en oft se benammen op it eilân of ek op de fêste wâl ride. Dêrnjonken leit de gemeente harren in oantal stellingen foar oer elektrysk riden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)