Wurk oan diken Akkrum

08 aug 2010 - 10:18
  • Yn Akkrum wurdt ek it kommende healjier wurke oan de dyk

Ynwenners fan Akkrum moatte it kommende healjier rekken hâlde mei oerlêst yn it doarp fanwege wurk oan diken. Sa wurdt it Heechein opnij bestrjitte en komt der in nije laach asfalt by de brêge oer de Trigreppel.

Dêrnjonken moat in oantal diken oanpakt wurde omdat dy skea oprûnen troch de froast fan de ôfrûne winter. It giet dan om de Buorren en de Kleef. Ferkear wurdt omlaat. Op de A32 komme buorden dy't warskôgje foar de wurksumheden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)