Koar fan 701 man Appelskea

Appelskea besiket in koar fan 701 man te foarmjen
Yn it Iepenloftteater fan Appelskea besiket de Historische Vereniging van Appelscha snein in koar fan 701 minsken sjonge te litten. Ferline jier bestiene de Stellingwerven 700 jier. De feriening woe doe in koar fan 700 minsken foarmje, mar dat slagge net fanwege it minne waar. De teller kaam net fierder as 360.
Dit jier besiket de feriening it opnij. It superkoar sjongt bekende Hollânske meisjongers. It optreden is snein om twa oere.