Lieuwe Westra 4e yn Denemarken

08 aug 2010 - 00:17

Lieuwe Westra is sneon fjirde wurden yn de 5e etappe fan de Ronde fan Denemarken. Yn de tiidrit oer 19,4 kilometer hie de hurdfytser fan De Tynje 15 sekonden langer wurk as de Kanadeeske winner Svein Tuft. Richie Porte fan Australië hie deselde tiid as de winner.

De Deen Jakob Fuglsang waard tredde op fjouwer tellen en is de nije lieder. Snein is de lêste etappe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)