Alders wolle net werom yn hûs

De âlden fan de 25-jierrige frou út Nij Beets dy't fertocht wurdt fan it ombringen fan har fjouwer poppen, wolle ferhúzje. Dat sei boargemaster Francisca Ravestein by in ynformaasjegearkomste sneon yn it doarp.
De âlders wenje no oan de Van Eedenstrjitte yn Nij Beets. Op de souder fan dat hûs stiene de fjouwer koffers dêr't de poppen yn sieten. De âlden wolle net yn dat hûs bliuwe.