Mei joint oan achter stjoer
In 21-jierrige automobilist út Boyl is freedtemiddei by Frederiksoord fan de dyk helle om't er mei in joint oan achter it stjoer siet. De plysje seach de man al slingerjend riden en seach dat de man in joint yn de hân hie.
De man waard oanhâlden. De joint en in pûdsje mei weed waarden yn beslach naam. De man moast syn rydbewiis ynleverje.