Natuer yn Ljouwert bedrige

De hâlding fan de gemeente Ljouwert en de hegeskoallen oan de Rengersleane yn Ljouwert binne desastreus foar de natuer yn de stêd. Dat seit de Vereniging Leefbaar Rengersparkgebied (VLR). By de Rengersleane bart fan alles. Der komme parkearterreinen, in bedriuweterrein en studintehuzen.
Op dit stuit leit it bestimmingsplan Leeuwarden - Bewegingscentrum op besjen. Neffens de VLR is der sprake fan 'ferneatiging fan de natuer' troch de bou fan sa'n sintrum ta te stean.