Rydbewiis strjitracer ynnaam

07 aug 2010 - 13:33

Freedtenacht binne twa rydbewizen ynnaam. In 44-jierrige Ljouwerter waard op de Dammelaan yn syn wenplak trapearre op racen. De man makke ûnderdiel út fan in groep strjitracers. Omwenners hiene by de plysje klage oer de groep. Der waarden fiif boetes útdield. De Ljouwerter ried mei 104 kilometer yn it oere en moast syn rydbewiis ynleverje.

Dat oerkaam ek in drankrider (52) út St. Jânsgea. In tsjûge melde dat de man mei drank op achter it stjoer siet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)