Dronrypster strjitrôver oppakt

07 aug 2010 - 13:17

De plysje hat freedtenacht op de Weaze yn Ljouwert in 23-jierrige strjitrôver út Dronryp oanhâlden. De man en in maat mishannelen in 41-jierrige ynwenner fan Stiens. It slachtoffer woe syn fyts ophelje en waard troch de twa manlju yn in steech drukt.

Se fregen om jild. Doe't de Stienzer sei dat er gjin jild by him hie, sloegen en skopten de twa rôvers him. Op it momint dat se har slachtoffer gean litte woene, kaam de plysje. Dy koe ien fan de mannen oanhâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)