Undersyk justysje treinûngelok

Justysje ûndersiket oft se trije meiwurkers ferfolgje kinne foar har belutsenheid by it grutte treinûngelok by Starum, ein july. It giet om de Italiaanske masinist fan de trein. En twa technisy, wêrfan't ien út Italië komt en de oare út Nederlân.
Sjoen wurdt oft de trije ferfolge wurde kinne om't se gefaarlik dwaande west ha op it spoar. Ferskate ynstellings wêrûnder de Onderzoeksraad voor de Veiligheid, dogge ûndersyk nei oanlieding fan it slyptreinûngelok.