Bas Roep net Mister Gay

© Omrop Fryslân
De 18-jierrige Bas Roep út Drachten is net útroppen ta Mister Gay fan 2010. Freedtejûn wie de jierlikse ferkiezing op de Gay Pride yn Amsterdam. Der stiene tolve manlju yn de finale. Roep wie de iennichste Fries dy't meidie.
De winner fan de ferkiezing docht mei oan de wrâldwide ferkiezing yn Genève, letter dit jier. Dêrneist is er in jier lang ambassadeur fan de homo-emansipaasje yn Nederlân.