Undersyk nei ferwekker poppen

Justysje yn Fryslân tinkt dat der ynkoarten in DNA-ûndersyk komt om te sjen wa't de ferwekker is fan de deade poppen fan de 25-jierrige Sietske H. út Nij Beets. It Nederlands Forensisch Instituut is no dwaande mei ûndersyk nei spoaren dy't oantoane moatte wa't dêrby belutsen wêze kin.
It iepenbier ministearje slút net út dat der nei de fjouwer poppelykjes dy't al fûn binne, noch mear deade poppen fûn wurde.