Volendam wol Gerry Koning

06 aug 2010 - 15:47

SC Hearrenfean-spiler Gerry Koning giet mooglik werom nei Volendam. De Jupiler-klup wol de linkerferdigener foar ien seizoen hiere. It kontrakt fan Koning by Hearrenfean rint noch ien jier troch, mar hy liket gjin rol te spyljen yn de plannen fan trainer Ron Jans.

Koning spile earder foar Volendam fan 1998 oant 2006. Hy sjocht in ferhier nei syn âlde klup wol sitten. "Als de clubs eruit komen, valt er altijd te praten."

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)