Hearrenfean sûnder Viktor Elm

06 aug 2010 - 14:30
  • Viktor Elm is noch net genôch hersteld

Ron Jans kin sneon yn de earste thúswedstriid tsjin PSV net beskikke oer middenfjilder Viktor Elm. De middenfjilder is noch net hersteld fan syn knibbelblessuere dy't hy oprûn yn de oefenwedstriid tsjin Real Mallorca. Elm trainde freed mei Arnold Kruiswijk apart fan de groep.

Ron Jans woe syn basisopstelling noch net bekend meitsje, mar it is net de ferwachting dat dy hiel oars wêze sil as dy tsjin Real Mallorca.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)