Trouwerij yn mole Froubuorren

06 aug 2010 - 12:20

Nije wike freed is der foar it earst in trouwerij yn de mole fan Froubuorren. De mole is koartlyn troch de gemeente oanwiisd as troulokaasje.

De Froubuorstermolen hat oant 1954 yn bedriuw west, hoe âld oft de mûne is, is net rjocht dúdlik. Wol is bekend dat dy der yn 1832 al stie. De lêste jierren wurdt er brûkt as leslokaasje foar frijwillige mûnders. It pear dat der no trout komt út de buert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)