Jonkje fuort en wer fûn

06 aug 2010 - 10:00

De plysje hat tongersdei in skoft socht nei in 7-jierrich jonkje út Surhústerfean.

It jonkje wie middeis fan hûs gien en doe't hy letter net thúskaam, skeakelen syn âlders de plysje yn. Dy liet in opspoaringsberjocht útgean. Dat smiet in tal tips op oer it ferbliuwplak fan it jonkje. De plysje hat him dêr fûn en hat him om in oere as healwei njoggenen werombrocht by syn âlders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)